Koereur Beitske Visser prestearret goed yn training W Series

Autokoereur Beitske Visser fan Twellingea hat har fisitekaartsje ôfjûn by de earste offisjele trainingen fan de W Series yn it Dútske Hockenheim. Se einige op it fjirde en fyfde plak.
Beitske Visser © BMW Motorsport
De W Series is in nije autosportklasse wêryn't allinne froulju race. De Britse Jamie Chadwick wie yn beide trainingen de rapste fan de tweintich froulju. De twadde training waard wol hindere troch de rein. Sneon is earst de kwalifikaasje en dêrnei de race. Fia Twitter lit Visser witte dat se der fertrouwen yn hat.
De 24-jierrige Beitske Visser hat in swiere seleksje trochstien om meidwaan te meien yn de W Series. Der steane dit earste seizoen seis races op it programma. Ien dêrfan sil wêze op it TT Sirkwy fan Assen, op 20 july.
Yn de W Series ride de tweintich froulju yn identike Formule 3-auto's. Se stride om in prizepot fan oardel miljoen dollar. De W Series is opset om de stap nei Formule 1 makliker te meitsjen foar froulju.