Mear ambysjes as jild by partijen yn nij kolleezje Deputearre Steaten

03 maaie 2019 - 18:18

De politike partijen dy't aanst it nije kolleezje fan Fryslân foarmje, sille har ambysjes bot beheine moatte. Dat seit formateur Evelien Blaauw. De finansjele romte foar de kommende jierren komt op goed 200 miljoen euro, wylst de partijen op basis fan de ferkiezingsprogramma's sa'n 800 miljoen nedich hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Net alles kin dus realisearre wurde, sa jout de formateur oan. Der sille prioriteiten steld wurde moatte. De ferwachting is dan ek dat de formaasje pas ein juny klear wêze sil.

Yn it nije kolleezje sitte de partijen CDA, VVD, FNP en PvdA.

(advertinsje)
(advertinsje)