Shared space: te gefaarlik of noch efkes oan wenne?

03 maaie 2019 - 17:54

Saneamde 'shared spaces' soargje foar in soad ûnwissens by Fryske weibrûkers. Dat docht bliken út in analyze fan de meldingen op it meldpunt foar ûnfeilige ferkearssituaasjes fan Omrop Fryslân. De fjouwer meast melde situaasjes binne allegear in shared space. Is dy shared space, in Fryske útfining nota bene, wol sa'n goed idee?

Foto: Omrop Fryslân

Twa krúspunten yn Damwâld en it Blokhús- en Stasjonsplein yn Ljouwert fiere de list fan meast melde situaasjes oan. Op al dizze plakken is der sprake fan in shared space. De measte melders stelle dat dizze plakken foar fytsers likegoed gefaarlik binne as foar automobilisten. De plakken wurde omskreaun as ûnoersichtlik en ûndúdlik troch it ûntbrekken fan buorden en regels.

Reaksjes

Ien skriuwt oer it krúspunt Haadwei-Thiedamawei yn Damwâld: "Nei it fuortheljen fan de rotonde is it der net better op wurden. Der wurdt fierstente hurd riden troch auto's, bussen, etc. Minsken witte net wa't der foarrang hat. Auto's, fytsers, fuotgongers... Sa no en dan komme se fan alle kanten."

In oar: "It wie in rotonde dêr't neat gefaarliks oan wie. Mar no is it ferskriklik en stiet eltsenien op elkoar te wachtsjen."

Foto: Omrop Fryslân

In shared space is in gebiet yn it ferkear wêrby't minder boerden en ferkearstekens brûkt wurde. De fytser of automobilist moat sels goed ynskatte hoe't hy bygelyks in krúspunt it feilichst oerstekke kin. De maksimumfaasje leit leech en eachkontakt tusken de ferkearsdielnimmers is krusiaal om tegearre feilich de dyk brûke te kinnen.

Hans Monderman

De shared space is betocht troch Hans Monderman, in Fryske ferkearssaakkundige, dy't jierrenlang by de gemeente Eaststellingwerf en letter by de provinsje Fryslân wurke hat. Hy hat op ferskate plakken yn de provinsje shared spaces ynrjochtsje litten. Yn 2006 fertelde Monderman yn Faktor Freed oer syn filosofy.

Sipke van der Meulen, ferkearskenner en wurksum by it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF) fertelt dat shared spaces foar twa groepen minsken ûnfeilich wêze kinne. De earste groep bestiet út minsken dy't min sjogge. Sy kinne net goed eachkontakt meitsje mei oaren en binne dêrtroch ûnfeilich op sa'n krúspunt.

"De twadde groep tinkt foaral dat in shared space ûnfeilich is", fertelt Van der Meulen. In shared space is faak nochal in radikale feroaring wat de âlde situaasje oanbelanget en minsken fine it dan dreech om dêroan te wennen. Sy mije de nije ferkearssituaasje bygelyks leaver.

Sipke van der Meulen en Tessa Postma-Witteveen oan it wurd

Neffens Van der Meulen is der sprake fan in 'edukaasjegat'. It konsept is ridlik nij en boargers witte net altyd hoe't se mei sa'n situaasje omgean moatte. Der wurdt amper les jûn oer hoe'tst dy as automobilist of fytser gedrage moatst op sa'n dield ferkearsplak.

Edukaasje

Tessa Postma-Witteveen wurket by de Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV) yn Drachten. Sy seit dat der kwa edukaasje noch wol in slach te meitsjen is. De SBV jout les oan ferkearsdielnimmers. Sa joegen se trainings oan omwenners fan de doe nije Sintrale As en oan de jongerein oer feilich ferkear.

Shared spaces binne somtiden wol ûnderdiel fan sa'n training, mar in aparte lesmetoade bestiet net. Allinnich Veilig Verkeer Nederland (VVN) hat in metoade foar basisskoallelearlingen, mar foar oare doelgroepen is sa'n metoade der noch net. Wylst no dochs bliken docht dat dat wol nuttich wêze kin.

Postma: "Het is wellicht een goed idee om training te geven als er ergens in Fryslân zo'n nieuwe shared space aangelegd wordt."

Shared spaces wurde ek as hiel feilich sjoen. Ut ûndersyk docht bliken dat der hast gjin ferkearsslachtoffers falle op sokke plakken. It lege oantal slachtoffers soe lykwols ek te witen wêze kinne oan it feit dat guon groepen minsken shared spaces leaver mije.

Dantumadiel

De gemeente Dantumadiel, ferantwurdlik foar de twa krusings yn Damwâld, dêr't sa'n soad meldings oer binnenkamen, lit yn in reaksje witte dwaande te wêzen mei in evaluaasje fan de shared spaces yn de gemeente. Dêrom kinne sy op dit stuit net in ynhâldlike reaksje jaan. De gemeente hopet foar kommende simmer te witten hoe't it giet mei de shared spaces yn ûnder oare Damwâld.

Ljouwert

Hayo van der Meer, adviseur Verkeer en Vervoer by de gemeente Ljouwert, lit witte bliid te wêzen mei de oandacht dy't it meldpunt jout oan de shared spaces yn de gemeente. Hy wol de meldingen goed besjen en nei it reses mei de wethâlder ôfstimme hoe't Ljouwert hjir mei fierder giet.

Meldpunt

Op it meldpunt fan Omrop Fryslân binne goed 700 meldings binnenkaam. It grutste part fan de melders, hast 45 persint, jout oan dat de situaasje ûnfeilich is foar fytsers. Goed 30 persint fan de meldings giet oer ûnfeiligens foar automobilisten.

Sjoggers en harkers fan Omrop Fryslân koene oanjaan wat der oan de hân wie op it plak dêr't se harren ûnfeilich fielden. Te hurd ride waard yn 44 persint fan de gefallen neamd, direkt folge troch gefaarlike krúspunten en shared spaces.

Minsken dy't in melding diene, koene hjir meardere opsjes oanfinke. Nei analyze fan alle meldings die bliken dat yn de top tsien in soad sharerd spaces foarkamen.

(advertinsje)
(advertinsje)