Spesjale trainingen om ûnhânsume hynders fan trauma ôf te helpen

03 maaie 2019 - 17:46

It gebeurt faak dat hynders net de goede soarch krije en dêrtroch problemen krije yn de omgang. Sa kinne se agressyf wurde of antysosjaal. De hynders wurde dêrtroch gau sjoen as ûnhânsum en moatte nei in opfang ta. Dêr wol it projekt Hold Your Horses wat oan dwaan.

Mei trainingen moatte hynsteleafhawwers leare wat der nedich is om dizze traumatisearre bisten te behanneljen. It projekt giet hiel Nederlân troch en sit dizze wike twa dagen by de hynste-opfang fan stichting Dimarte yn Noardburgum.

Hester Bouwman fan stichting Dimarte kriget alle wiken fragen fan minsken dy't harren hynder graach nei de opfang stjoere wolle. De bisten hawwe by de eigener faak net genôch romte, wêrtroch't se ûnhânsum wurde. Sa kinne se skoppe of bite, of kinne se net mear oerweis mei oare hynders.

Te maklik ôfskreaun

Dochs wurde dizze hynders neffens Bouwman te maklik ôfskreaun. In goede behanneling kin de measte hynders wol fan in trauma ôfhelpe. Dêrby helpt foaral in soad romte om te rinnen, mar ek op sosjaal gebied moatte je de hynders romte jaan.

Dit wurdt ek útlein oan hynderleafhawwers dy't nei de trainingsdagen komme. Michelle Bannink, inisjatyfnimmer fan it projekt Hold Your Horses, lit mei help fan de traumatisearre hynders yn de opfang sjen wat de bêste terapy is. Troch dit yn it hiele lân te dwaan, moatte hieltyd mear hynsteleafhawwers dizze wurkwize machtich wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)