Wethâlder Esther Hanemaaijer leit tydlik har wurk del fanwegen sykte
Wethâlder Esther Hanemaaijer fan de gemeente Noardeast-Fryslân hâldt per direkt op. Troch sykte kin sy har wurk foarearst net langer útfiere, sa lit de gemeente witte.
Ut medyske ûndersiken blykt dat sy behannelings ûndergean moat en dat falt net te kombinearjen mei har funksje as wethâlder. Har taken wurde earst ferdield ûnder de oare kolleezjeleden. Hanemaaijer gie ûnder oare oer hûsfestjen, duorsumens en miljeu.
Gemeenteried en kolleezje litte fierder witte dat se Hanemaaijer alle sterkte tawinskje foar de kommende tiid.