Fan brieven oant in tosk fan in fersetsman, ynleverdei sukses

In koffer mei brieven oan in fersetsman, in horloazje fan in alliearde fleaner, in tosk fan in fersetsman. It binne samar in pear skatten dy't freed binnenbrocht binne by de ynleverdei fan guod út de Twadde Wrâldoarloch by Tresoar yn Ljouwert.
Fan brieven oant in tosk fan in fersetsman, ynleverdei sukses
Topstikken dy't freed oanlevere waarden, binne fan twa manlju dy't yn 1943 fusillearre binne. Dizze manlju kamen út Seisbierrum en sieten by de fersetsgroep 'Knokploech'. Der moatte trije of fjouwer manlju west ha dy't fusillearre binne.
Fan ien is der yntusken al mear bekend: Folkert Bergsma. Tresoar hat ferline jier in hierlok en ôfskiedsbrieven fan him ynstjoerd foar de lanlike museumwedstriid 'Stuk van het jaar-verkiezing', wêrmei't se twadde wurden binne.

Lettere generaasjes

It is opfallend dat der safolle jier nei de oarloch noch hieltyd bysûndere saken boppe wetter komme. Jier op jier wurde ynleverdagen organisearre, en ek alle jierren sitte der wol wer moaie saken by. Neffens Marre Sloots fan Tresoar komt de stream mei guod faak by lettere generaasjes pas op gong.
"Hiel faak is ús ûnderfining dat in earste generaasje dy't sels de oarloch meimakke hat, it te dreech fynt. Dy generaasje tocht: de perioade is foarby, dêr prate wy net oer." Pas by ien of twa generaasjes letter komt de behoefte om it famyljeferhaal te dielen.
© Omrop Fryslan
Freed kaam der ek guod fan twa oare fersetsstriders binnen: Lolle Rondaan en Gerrit Schuil. Rondaan kaam uit Bitgum en wie fersein mei in famke. De dochter fan dizze frou, Barbara Nijman kaam by Tresoar in ôfskiedsbrief ynleverjen. Yn har ferhaal is ek de ûnderfining fan Tresoar te herkennen. Want as twadde generaasje bringt se no it guod nei Tresoar, wylst se it ûnderwerp sels nea mei har mem bepraat hat, want dat wie in te pynlik ûnderwerp.
Miskien wol it opfallendste stik oarlochsskiednis dat dit jier by Tresoar binnenbrocht is, is in tosk. It is de tosk fan fersetsstrider Gerrit Schuil, weromfûn yn in massagrêf, en nei Tresoar brocht troch de neef fan de fersetsstrider.
Al it guod dat freed ynbrocht is, sil goed besjoen wurde troch saakkundigen. Om dêrnei yn oerlis mei de famylje in plakje te krijen by ien fan de dielnimmende ynstânsjes.