Mooglik wapene Jouster fan ynsidint yn Ljouwert op ’e flecht fûn yn Sint-Nyk

De plysje hat freedtemiddei yn Sint-Nyk in mooglik fjoerwapengefaarlike man oanholden. In arrestaasjeteam hat de man ynrekkene. De 23-jierrige Jouster wie sûnt moarns betiid spoarleas, nei't yn in wenning yn Ljouwert in geweldsynsidint plakfûn hie yn de relasjonele sfear.
© Kappers Media
Yn it hûs oan de Schapenstraat yn Ljouwert wiene trije minsken oanwêzich. Ien fan harren moast foar ûndersyk nei it sikehûs. It ynsidint barde freed om 7.00 oere moarns hinne. Sûnt dy tiid wie de man flechtfuottich.
De plysje kaam direkt mei in opspoaringsberjocht fia Burgernet en socht ek mei in plysjehelikopter nei de man. Om't hy yn in ûnberekkenbere gemoedstastân omrûn, wie de plysje manmachtich nei him op syk. Hy hie earder syn ankelbân trochknipt.
Hoe't de Jouster úteinlik yn it hûs yn Sint-Nyk bedarre, wol de plysje net sizze. Yn de wenning binne fierder gjin oare minsken oanhâlden.
De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo yn Ljouwert en sil dêr fierder heard wurde.
Plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer