HEA! De linemannen fan Stiens
Al mear as tweintich jier is in ploechje frijwilligers ferantwurdlik foar it lizzen fan de perken by keatsklup De Boer yn Stiens. De mannen binne al tusken de 70 en 80 jier âld, mar sy meie it noch graach dwaan. En wylst de linen útlein wurde, nimme sy ek it lêste nijs út it doarp troch.