Slim ûngelok by brêge Sudergoawei Warkum

03 maaie 2019 - 16:02

Op de Sudergoawei, de N359 by Warkum, binne freedtemiddei twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Ferskate helptsjinsten waarden oproppen om help te ferlienen.

Foto: CAMJO Media

It ûngelok barde tusken de brêge yn de Sudergoawei en de rotonde. Under oare in traumahelikopter, trije ambulânses en de brânwacht wiene oanwêzich om de slachtoffers by te stean. De dyk tusken de brêge ne de rotonde wie in skoft ticht foar ferkear fanwegen de helpferliening en it ûndersyk. Auto's moasten omride troch Warkum hinne, mar de dyk is no wer frij.

It is ûndúdlik hoe't it ûngelok barre koe en hoe't de slachtoffers der oan ta binne.

(advertinsje)
(advertinsje)