Frans Timmermans op Befrijingsfestival Ljouwert

Eurokommissaris Frans Timmermans sil snein 5 maaie oanwêzich wêze op it Befrijingsfestival yn Ljouwert. Hy sil dêr yn petear gean mei festivalgongers.
© ANP
Timmermans nimt om 12.00 oere earst de tiid om mei 350 âlderein te praten, by in spesjaal middeismiel. De minsken dy't dêrfoar útnûge binne hawwe allegearre de Twadde Wrâldoarloch noch meimakke. Timmermans sil tegearre mei de Ljouwerter PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi de oanwêzigen tasprekke en it iten servearje. In oere letter is der tiid om it festivalterrein fan Ljouwert op te gean.
De Eurokommissaris sil njonken Ljouwert ek besite bringe oan Grins en Assen.