Stichting FB Oranjewoud nimt belang yn produksje wynmûne-mêsten

Stichting FB Oranjewoud Participaties, fuortkaam út de Stichting Friesland Bank, hat in belang naam yn de Steel Tower Europe Group. Sy binne hjirmei de tredde mei-eigener fan it bedriuw út Hoogezand dat wynmûne-mêsten makket.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Steel Tower Europe Group hat ûnder oare Staal Service Zuidbroek, Steelcare Hoogezand en Steel Tower Europe yn portefúlje. Hjir wurde ûnder oare boupakketten foar wynmûne-mêsten makke. It bedriuw rjochtet him mei dizze produksje folslein op it bûtenlân en eksportearret nei lannen lykas Kanada, Sweden en Eastenryk.
Stichting Friesland Bank wie oandielhâlder fan de eardere Friesland Bank. Yn 2013 is besletten de namme te feroarjen yn Stichting FB Oranjewoud. It beheart dêrnjonken ek lângoed It Oranjewâld.

Wurkgelegenheid

Neffens Oranjewoud past STEG mei har duorsume produksje goed by de strategy fan de Fryske maatskippij. "Met de producten van STEG kunnen windmolens gerealiseerd worden op plaatsen waar dit op de traditionele manier lastig zou worden. Mede daarom voorzien wij potentie in dit bedrijf", sa seit Kees Akkerman fan FB Oranjewoud.
It doel fan de stichting út Oranjewâld is it befoarderjen fan de wurkgelegenheid yn Noard-Nederlân troch te partisipearjen yn ûndernimmingen. By STEG wurkje op dit stuit 65 minsken.