"Finansjeel wanbelied oarsaak problemen frouljusfuotbal Hearrenfean"

03 maaie 2019 - 15:08

Finansjeel wanbelied stiet mei oan de basis fan it ophâlden fan Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen. Dat befêstigje ferskate boarnen, wêrûnder âld-bestjoersleden fan de stichting. Sa hold de ponghâlder Enne Osinga der ferline jier novimber mei op. "It koe sa net langer. Der waard te folle útjûn." Ek foarsitter Wout de Jong seach it swurk driuwen. "Ik stie der net mear efter."

Foto: Orange Pictures

It petear mei Osinga begjint mei de fraach wat de ferslachjouwer mei dizze fragen wol. "Want ik wol fierder gjinien skea tabringe. Dêr ha ik gjin nocht yn." Osinga is yn novimber ophâlden, om't hy seach dat der fierstente folle jild útjûn waard. "We begûnen it seizoen al mei 35.000 euro negatyf eigen fermogen. Mar oan it begjin fan it seizoen seach ik yn ien kear dat der bûten my om jild útjûn waard. Wat eins hielendal net koe, want it jild wie der net."

Dossier trainersstêf

Roeland ten Berge wurdt yn augustus 2017 oansteld as nije coach voor 11 moannen, 25 oeren de wike en in 'marktconform salaris'. Omdat de KNVB de opliedingen desintralisearje wol, wurdt Hearrenfean frege om ek te begjinnen mei in belofteteam, in ûnder de 6 en ûnder de 14 team. Dêrom wurdt it kontrakt ferlinge nei 12 moannen en 30 oeren de wike. Ek de oanstelling fan assistint-trainer Anouk Bruil wurdt útwreide.

Dit is allegear yn de begrutting fan seizoen 18/19 opnaam. Yn septimber docht lykwols bliken dat bûten de ponghâlder om in heger salaris mei Ten Berge ôfsprutsen is. "Ik krige de faktuer tastjoerd fan Sport Fryslân. Dy regelje de útbetelling foar de coaches. Ik wie mei fakânsje en doe't ik weromkaam, wiene der ferskate ôfspraken makke. Ik seach de faktuer en skrok. Dit wie tsjin de ôfspraken yn. Earst joech de foarsitter noch oan dat it wierskynlik om in flater gie, mar yn oktober kaam der wer in te hege faktuer."

Osinga kiest derfoar om it oan de coach foar te lizzen. "Mar dy sei dat hy dit ôfsprutsen hat mei Froukje (Hofma, foarsitter, red.). Tsja, dan hâldt it foar my ek op. Doe ha ik ek besletten op te hâlden."

"Oan de ein fan it seizoen kaam it berjocht fan Froukje dat se ophâlde woene mei Jan Schulting, de trainer. Dat oerfoel my wat en boppedat like my dat gjin goed idee." De stichting hie op dat momint al te krijen mei finansjele swierrichheden, wêrûnder bydragen fan Hearrenfean en Univé dy't troch de helte giene, fan 80.000 nei 40.000 euro.

"Dus it like my finansjeel ek net handich, mar Froukje stie derop. Der folge in stimmerij, wêrnei't fjouwer foar it ûntslach fan Schulting stimden en trije foar it bliuwen. Doe haw ik de konklúzje lutsen dat ik sa net fierder woe."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Njonken Wout de Jong stappe ek bestjoersleden Dennis Klaster en Jan Streppel op. "Wêr't ik foaral pinebúk fan krige, wie in anonime brief fan âlden fan de spylsters. Dêr stie yn dat Jan te hurd trainde. No, freegje Vivianne Miedema. Fjouwer kear yn de wike traine, soe better fiif of seis kear wurde kinne. Ik hie it gefoel dat der in spultsje spile waard."

Te folle spylsters en te hege salarissen

De begrutting dy't it bestjoer opstelt, komt op ûngefear 350.000 euro út. Mei in negatyf eigen fermogen fan 25.000 euro. Dêrby is ek rekken hâlden mei in oantal kontraktspylsters en in salarisplafond. "Mar ynienen waarden der mear spylsters oanlutsen. Tsjin de ôfspraken yn."

De ponghâlder makket in berekkening en komt ta de konklúzje dat as de stichting sa trochgiet, se útkomme op in negatyf fermogen fan sa'n 100.000 euro. Dan is it negatyf eigen fermogen dêryn meinaam. "Dat is fansels fierstente folle."

Bestjoer net de iennige skuldige

Osinga wol graach oanjaan dat der meardere skuldigen binne oan it mislearjen fan de stichting. "De KNVB, de gemeente en sportklup Hearrenfean moatte ek nei harren sels sjen." Sa tinkt Osinga dat de profklup en de froulju mear dwaan kinne foar inoar.

"Wêrom setst de froulju net mear yn foar kommersjele doelen? It binne tige leuke froulju, dy't allegear wol wolle. Stel no datst twa persint fan it binnenheljen fan in sponsor oerdraachst nei de froulju. Sportklup bliid en de froulju bliid." Osinga leaut net sa yn mear kosten diele. "Dat kin wol, mar safolle smyt dat net op. Ast in bus hierst, kostet dat foar in dei 700 euro. Ast dat mei syn twaen dochst, wurdt it miskien 650, mar safolle winne je dêr net mei."

Maleur

Mar ek it fuotbalbûn soe mear dwaan kinne. "Maleur hat ek meispile. Wy lûke bygelyks in nije spylster oan, dy't swier blessearre rekket yn in wedstriid mei in jeugdteam fan Oranje. Tsja, maleur. Noait in wedstriid spile foar Hearrenfean, mar ik moast wol it salaris foar in jier trochbetelje. Hiene wy mar in fersekering nimme moatten, sizze se. Lykas de profklups. Dat is fansels net realistysk. It bûn hie ek kûlant wêze kinnen, dêr wie net ien lilk om wurden."

Ek Wout de Jong fynt dat de KNVB in gruttere rol spylje moat. "Se stekke der 50.000 euro yn de klup, mar ast sjochst wat foar mooglikheden der binne en hoe populêr de Oranjefroulju binne, dan is der neffens my folle mear mooglik."

Freed waard bekend dat der in nije stichting komt. De gemeente, SC Hearrenfean, de KNVB en Sport Fryslân ha nei oerlis besletten yn in nije stichting troch te gean.

(advertinsje)