Iepenbier Ministearje giet oer ta ferfolging fan Dokkumer kopskoppers

03 maaie 2019 - 14:33

In ynsidint yn de Keningsnacht op de Merk yn Dokkum, wêrby't in jonge fûl tsjin de holle skopt waard, krijt noch in juridysk sturtsje. De plysje en it Iepenbier Ministearje fine it ynsidint sa slim dat besletten is om ta ferfolging oer te gean. En dat wylst der gjin oanjefte leit fan it slachtoffer.

Ut fideo-opnames die bliken dat ien persoan op 'e grûn foel en hurd tsjin 'e holle skopt waard. Fiif fertochten binnen yntusken heard. De kommende tiid wol de plysje noch mei mear tsjûgen prate oer de fjochtpartij.

Hokker persoanen krekt ferfolge wurde en wannear't de saak foar de rjochter komt, is noch net bekend.

De Merk yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)