Frouljusfuotbal moat folslein part fan SC Hearrenfean wurde

03 maaie 2019 - 14:30

It frouljusfuotbal op It Hearrefean hat de ôfrûne jierren hieltyd los stien fan Sportklup Hearrenfean, mar dêr komt in ein oan. It doel fan de gemeente, de KNVB en SC Hearrenfean is om de froulju folslein te yntegrearjen yn de profklup.

Neffens boargemaster Van der Zwan binne der yn de ôfrûne dagen nije ôfspraken makke oer de fierdere takomst fan it frouljusfuotbal. Hjirfoar hawwe de belutsen partijen in yntinsjeferklearring tekene, wêryn't stiet dat de froulju yn de takomst úteinlik folslein ûnder SC Hearrenfean falle moatte.

It soe dan foar it earst wêze dat de froulju offisjeel ûnder de Earedifyzjeklup komme te fallen. Foarhinne mochten se wol de namme fan SC Hearrenfean brûke, mar wiene se in aparte stichting, mei aparte ynkeap, aparte kommunikaasje en in apart bestjoer. By oare Earedifyzjeklups lykas Ajax en FC Twente falle de froulju al wol ûnder de klup.

Boargemaster Van der Zwan oer de takomst fan de Feanfroulju

Yn de oerienkomst tusken KNVB, de gemeente Hearrenfean en SC Hearrenfean binne ek ôfspraken makke oer de betelling fan de meiwurkers fan de fuotbalfroulju. De KNVB sil de kommende twa moanne de salarissen fan de trainers betelje, wylst de spilers troch SC Hearrenfean betelle wurde.

Foar takom jier stekt SC Hearrenfean 100.000 euro yn it frouljusfuotbal. Dit is twa kear safolle as it ôfrûne jier. De KNVB stekt dêrnjonken ek 50.000 euro yn de Feanfroulju. Hjirmei is der lykwols noch wol hieltyd in tekoart fan 150.000 euro. De gemeente Hearrenfean is fan doel om dat bedrach oan de fuotbalfroulju te lienen, mar hjir moat de gemeenteried noch wol oer te set.

(advertinsje)