Iepenbier Ministearje hâldt frachtweinsjauffeur ferantwurdlik foar dea kollega

03 maaie 2019 - 14:07

In 64-jierrige frachtweinsjauffeur fan Oentsjerk hat neffens it Iepenbier Ministearje (IM) skuld oan in deadlik ûngelok mei in kypwein op in boerehiem by Tsjom. Op 15 jannewaris foarich jier kaam in 47-jierrige Achlumer ûnder de kypwein fan de Oentsjerker telâne. It IM easke freed in wurkstraf fan 140 oeren en trije moanne selstraf ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De kypwein wie ûnder it lossen fan de lading kantele en op de frachtwein fan it slachtoffer telâne kaam. De Achlumer wie dwaande mei it skjinfeien fan de laadbak. Hy kaam ûnder de kypwein telâne en ferstoar fuortendaliks.

Foarskriften en feiligensynstruksjes

Neffens it IM hat de Oentsjerker him net oan de foarskriften en feiligensynstruksjes hâlden. Sa soe de auto net op in flakke ûndergrûn stien hawwe. Yn stee dêrfan soene de linkerachtertsjillen op in bulte mais stien hawwe.

Ek soe de man him der net fan ferwissige hawwe dat it slachtoffer net yn de buert fan de kypwein stie. De fertochte sei sels der wis fan te wêzen dat de auto flak stie.

De rjochtbank fan Ljouwert dochs op 17 maaie útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)