Freedsmerk oer Matthijs van Nieuwkerk: "Ik fiel my besoademitere troch de VARA!"

03 maaie 2019 - 13:50

"Ik fiel my besoademitere troch de VARA en ha juster nei 52 jier myn lidmaatskip opsein. It is skandalich dat it arbeidersklupke dêr't myn âlders noch foar fochten ha, dy Matthijs van Nieuwkerk fier boppe de noarm betelje wol!" It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it lean fan de populêre presintator fan De Wereld Draait Door.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De Freedsmerk oer Matthijs van Nieuwkerk

Mar oare lûden wiene der ek: "Ik gun het hem wel, ik verdien zelf ook veel!" en "De STER-inkomsten zijn ook extra hoog als hij presenteert, dus is hij het wel waard".

Dochs wiene de krityske lûden it sterkst: "Lit him mar moai nei de kommersjelen gean, dan betelje wy it teminsten net!" En ek de tasseferkeaper wie wer helder: "Dit is echt elke gêne voorbij. Dit is krankzinnig. Het is zoals Marx al zei: Volg het spoor van het geld en je komt bij de bron van het kwaad!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)