Boek oer dropping yn De Deelen as warskôging foar jongerein

03 maaie 2019 - 13:19

Droppings yn de Twadde Wrâldoarloch wiene wichtich foar de befrijing fan Fryslân. Ien fan dy droppings fûn plak yn natuergebiet De Deelen tusken Aldeboarn en De Tynje. Hessel Bouma (78) fan Hoarnstersweach skreau in boek oer de dropping fan 1945.

Hessel Bouma mei syn boek 'Droppingveld Wardrobe' - Foto: Hessel Bouma

It boek wurdt sneintejûn 5 maaie presintearre yn de PKN-tsjerke fan Aldeboarn. Bouma is amateurhistoarikus en hat al mear boeken oer de Twadde Wrâldoarloch skreaun.

Hy skriuwt oer de oarloch om't hy de nije generaasjes alarmearje wol. "Ik wil waarschuwen tegen de ideologieën van toen, die nu, onder andere benamingen, weer de kop opsteken," seit Bouma.

Konteners fol wapens

De dropping yn De Deelen fûn plak yn de nacht fan 5 op 6 jannewaris 1945 en wie heechnedich foar it ferset. Der kamen 14 konteners út de loft, fol mei wapens. Dy moasten dêrnei feilich opburgen wurde: in hiele toer om dat goed en sûnder pakt te wurden te dwaan. Bouma fertelt it ferhaal yn syn boek 'Droppingveld Wardrobe,' sa't de aksje troch de Britten neamd waard.

It ferhaal fan de dropping yn De Deelen is basearre op fynsten fan Bouma yn it argyf fan Tresoar. Hy fûn in eachtsjûgeferslach fan de dropping fan konteners fol mei wapens.

Snein is Hessel Bouma te gast by Omrop Fryslân, yn it programma Buro de Vries (11.00 oere). Dêr sil hy alles fertelle oer syn boek en de dropping.

(advertinsje)