Ljouwert krijt op 16 maaie in nije boargemaster

03 maaie 2019 - 12:46

Op 16 maaie wurdt bekend wa't de nije boargemaster fan Ljouwert wurdt. De betrouwenskommisje docht dan in foardracht oan de gemeenteried. De ried stelt dan in kandidaat foar beneaming foar.

Boargemaster Ferd Crone - Foto: Gemeente Ljowuert

De datum is de ôfrûne wiken hieltyd wat ferskood. It oarspronklike idee wie yn 't earst al 16 maaie, mar it like der geandewei op dat it Ministearje fan Ynlânske Saken dat net helje koe. Doe soe it op 27 maaie barre moatte. Neffens griffier Frans van der Heide is mei de provinsje sjoen oft de orizjinele planning dochs helle wurde kin en is dat slagge.

Geroften

Ien fan de minsken dy't neamd wurdt is Sybrand Buma, de hjoeddeistige fraksjefoarsitter fan it CDA yn de Twadde Keamer. Der binne mei inoar 13 sollisitanten foar de baan fan Ferd Crone, 4 froulju en 9 manlju. Cronse sels stapt oer nei de Earste Keamer.

(advertinsje)
(advertinsje)