Basisskoallen Twizelerheide krije nij ûnderkommen

03 maaie 2019 - 11:25

De beide basisskoallen yn Twizelerheide krije in nij ûnderkommen. Iepenbiere basisskoalle It Twaspan en kristlike basisskoalle De Reinbôge wurde húsfêste yn in multyfunksjoneel gebou yn it doarp. De lokaasje dêrfan is noch net bekend.

Foto: Atze van der Ploeg

Yn it nije ûnderkommen bliuwe It Twaspan en De Reinbôge twa aparte skoallen. Wol komme der fleksibele romten, sa is de opset. Yn Twizelerheide is de tiid noch net ryp foar in gearwurkingsskoalle, sa fynt de gemeente Achtkarspelen. Yn Achtkarspelen binne de ôfrûne jierren wol al twa gearwurkingsskoallen fan de grûn kaam, yn Boelensloane en Stynsgea.

It Twaspan likegoed as De Reinbôge hawwe op it stuit te krijen mei datearre húsfêsting. Ek kampt It Twaspan mei romtegebrek. By de klustering fan de skoallen yn it nije gebou wol de gemeente ek oare partijen belûke. Dêrby wurdt ûnder mear tocht oan it pjutteboartersplak It Boartershûske, dat yn it doarpshûs De Jister fêstige is.

(advertinsje)
(advertinsje)