Hoe komt it mei de froulju fan SC Hearrenfean?

03 maaie 2019 - 10:39

Yn de rin fan freedtemoarn komt der mear dúdlikheid oer de takomst fan de fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean. De stifting dy't it frouljusfoutbal organisearret, makke ferline wike bekend dat dy de holle net mear boppe wetter hâlde kin.

Foto: René Wiegmink / ProNews

Tongersdeitejûn hat der oerlis west mei gemeenteriedsfraksjes. Freed wurdt dúdlik wat dat oerlis opsmiten hat. De froulju fan Hearrenfean spylje freedtejûn de lêste wedstriid fan dit seizoen, út tsjin VV Alkmaar.

(advertinsje)