Greenpeace-aksjefierders by Skiermûntseach frijsprutsen

03 maaie 2019 - 10:03

De fjouwer aktivisten fan Greenpeace dy't yn febrewaris 2018 oppakt binne nei't sy harren fêstsetten op in boarplatfoarm boppe Skiermûntseach, binne tongersdei frijsprutsen troch de rjochtbank yn Amsterdam. Sy demonstrearren tsjin proefboarringen tweintich kilometer boppe it eilân.

De aksjefierders fan Greenpeace - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De aksjefierders protestearren by it platfoarm fan it oaljeconcern Hansa Hydrocarbons mei in spandoek mei de tekst: 'Schier je weg!' De kustwacht makke in ein oan de aksje tsjin de gasboarringen yn de Noardsee. By de haven fan Lauwerseach binne sy oanholden.

De kustwacht makke doe kenber dat eltsenien dy't tichter as 500 meter by it boarplatfoarm komt, strafber is. Greenpeace fûn de aksje terjochte, neffens de organisaasje wie der in grut risiko op it sakjen fan de boaiem op it Waadeilân.

Legale aksje

It Iepenbier Ministearje easke jildboetes foar it fjouwertal, mar neffens de rjochter wie harren aksje legaal: it falt binnen de frijheid fan mieningsutering en it rjocht op demonstraasje. It materiaal dat yn beslach naam is, krijt Greenpeace werom.

Greenpeace is bliid mei de útspraak: "We zitten in een cruciale periode als we een klimaatcrisis willen voorkomen. Daarom moeten we kunnen protesteren tegen bedrijven en vervuilers die dit ondermijnen. Deze uitspraak staat voor het grondrecht op betoging dat steeds vaker ter discussie wordt gesteld", seit Faiza Oulahsen fan Greenpeace.

(Advertinsje)
(Advertinsje)