Kollum: "Selfymoard"

"Mei de komst fan tûke telefoans liket it wol dat it hieltyd minder giet mei ús ferstân. Dat ding docht en kin sa stadich oan safolle, dat we amper mear nei hoege te tinken. Wa kin noch goed út 'e holle rekkenje en sûnder fouten skriuwe? Wa komt noch op ûnbekend terrein sûnder Google Maps? En wa kin noch sûnder Facebook, WhatsApp, Instagram, Twitter en Snapchat?
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Ik ha it der wol gauris oer hân yn myn kollums, mar dochs kom ik alle kearen wer eat tsjin dat my fernuveret. Binne it net de folslein ôfsletten somby's dy't foar har omjouwing totaal gjin oandacht mear ha, dan is it wol foar de omkoalen dy't libje om de perfekte selfy te meitsjen. En as in oar dêrmei dupearre wurdt, dan is dat mar sa.
Nim bygelyks de kwekers fan tulpen. Dy hawwe in protte skea fan de ymbesilen dy't sa'n prachtich fjild fol tulpen yn fleane foar in selfy. Al dûnsjend tusken de blommen, dy't se dêrtroch stikken meitsje, tinke se allinnich oan harrensels en de likes.
Dêr komt by dat in selfy earst ek efkes besjoen wurde moat foardat er online komt, dus ien sa'n kloatefoto kin wol in oere duorre ha. En yn dat oere is sa'n persoan dus allinnich mei himsels dwaande west. Ik ha ek ris in selfyserenade foarby kommen sjoen fan immen dy't in swalker op in bakje kofje traktearre hie. Sil wol goed bedoeld west ha, mar wêr giet it no eins om? Ik fûn it it toppunt fan egotripperij oer de rêch fan de swalker.
Der binne lju dy't fan alles úthelje foar de meast bysûndere selfy en dat rint net altyd likegoed ôf. Minsken donderje fan treppen, kliffen en brêgen, wurde elektrokutearre of sjitte harsels in kûgel toch de harsens. It skynt dat der seker al in pear hûndert deadlike ûngemakken bard binne troch it meitsjen fan in selfy.
De measte slachtoffers binne manlju, jonger as tritich jier. Froulju meitsje dan wol mear selfys, mar nimme minder risiko's. Dy sille earder troch in fjild mei tulpen dûnsje yn stee fan op ien foet op de râne fan in klif stean te gean. Ferdrinking is haadoarsaak nûmer ien fan fatale selfys en yn Yndia skine al 'No Selfie Zones' te wêzen.
Undersikers tinke dat it komt omdat de fokus feroaret as minsken in foto fan harsels nimme, wêrtroch't de evolusjonêre warskôgingssinjalen min of mear útset wurde. Se reitsje sa belutsen yn it momint fan de foto, dat se alles om har hinne ferjitte. Dat betsjut neffens my tagelyk ek datst troch it fotomomint de bining mei de werklikheid kwytrekkest.
As ik earne bin en hieltyd foto's meitsje, dan belibje ik it NO eins net. Dat is op guon mominten bêst hiel handich, bygelyks as ús jongste motorcrosse moast. Dat fûn ik eins mar neat, mar as ik achter in filmkamera stie of foto's makke, dan fûn ik it minder spannend. Krekt as siet der in filter tusken dy't de werklikheid op ôfstân hold.
Ik freegje my gauris ôf hoe't de measte minsken hjoeddeis nei harsels sjogge. Is de perfekte selfy wa't se binne of hawwe se ek noch earne in gefoel, djip fan binnen? It ego spilet him benammen yn 'e holle ôf, wylst dyn wiere aard him yn it liif oppenearret troch gefoelens. Mar echt fiele is neffens my hieltyd mear nei de achtergrûn rekke mei de komst fan ûnder oare de mobile telefoan.
De selfy sjit syn doel fier foarby want it is selfymoard en foar guon lju dus echt. 'No Selfie Zones' foar de selfysomby's; Mei it ferstân op nul, libje yn in wrâld fol flauwekul."