UPDATE: plysje siket noch hieltyd nei mooglik wapene man yn Ljouwert

03 maaie 2019 - 08:48

De plysje is op it stuit yn Ljouwert op 'e syk nei in man fan yn de tweintich út de wyk Bilgaard, dy't fanwege syn ûnberekkenbere tastân gefaarlik wêze kin. Sy hâlde der rekken mei dat hy fjoerwapengefaarlik is.

De plysje is manmachtich op paad en soe kûgelkearende festen drage. Neffens in Burgernet-oprop giet it om in man fan yn de tweintich fan likernôch 1.80 meter. Hy draacht in spikerbroek, wite gympen en in ljochtblau fest.

Ynsidint yn relaasje

Plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer jout oan dat de flechtfuottige man noch hieltyd net fûn is. "Rond zeven uur vanochtend kregen wij melding van een incident in een woning te Leeuwarden. Het zou gaan om een incident in de relationele sfeer waarbij geweld is gebruikt en waarbij mogelijk een vuurwapen in het spel zou zijn."

Koart nei it ynsidint is de direkte omjouwing ôfsletten, mar de man is net fûn troch de plysje. De sykaksje dy't dêrnei opset is, hat noch neat oplevere. Zinsmeyer kin neat sizze oer de sykmetoaden fan de plysje, om de man sels net wizer te meitsjen. Der wie in helikopter ynsetten, mar neffens Zinsmeyer stiet dizze wer oan de grûn.

Unberekkenbere tastân

De plysje seit dat de man yn in 'bepaalde gemoedstoestand' fuortrûn is. Dat makket, tegearre mei it feit dat de man miskien fjoerwapengefaarlik is, dat de plysje har grutte soargen makket. "De man vertoont onberekenbaar gedrag. Mocht iemand hem aantreffen, ga dan zelf niets doen, maar bel 112," seit Zinsmeyer.

Trefwurden: 
plysje syktocht wapen
(Advertinsje)
(Advertinsje)