Winterske tafrielen op Flylanner festival 'Here Comes The Summer'

03 maaie 2019 - 08:14

'Here Comes The Summer', dat is de namme fan it festival op Flylân dat tongersdei úteinsetten is en noch it hiele wykein duorret. Mar as wy nei it waar fan de kommende dagen sjogge, is it noch lang gjin simmer. Sterker noch, der wurdt praten oer wiete snie...

Here Comes The Summer is ûnderdiel fan it bekende festival Into the Great Wide Open - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Spitich dus foar de besikers, dy't foar simmerske tafrielen kamen. Neffens Rients van Ganswijk, fan de organisaasje fan Here Comes The Summer, binne de gasten de earste nacht goed trochkaam. "Er is hier een prachtig blauw luchtje. Het is vannacht niet heel erg koud geweest", fertelt er.

It festival wie folslein útferkocht, mar guon minsken besochten foar oanfang harren kaarten noch te sliten of bleaunen gewoan thús. "Als je bijvoorbeeld kleine kinderen hebt en je moet kamperen, dan is dat best wel pittig. Maar het valt ons mee eigenlijk, hoeveel mensen er niet meer komen."

Rients van Ganswijk oer it festival

"Het wordt gewoon koud dit weekend en dat communiceren we met iedereen." Sa wurdt minsken oanret om stikken karton ûnder harren luchtbêd te lizzen, om de kjeld nachts wat tsjin te hâlden. "We hebben mensen aangeraden om winddichte jacks en thermokleding mee te nemen, want het is best te doen als de wind niet door je kleren waait."

Muzikanten

It kâlde waar is net allinnich lestich foar de festivalgasten, mar ek foar de muzikanten. As sy bygelyks harren gitaar fan de waarmte binnen meinimme nei bûten, krimpe de snaren en kin de gitaar fuortendaliks ûntstimme. "Wat we doen, is de instrumenten op dezelfde temperatuur als op het podium opslaan. Meestal speelt een band een uur en dan zit je zo in het optreden dat de kou pas na het optreden echt te voelen is."

As it echt min waar wurdt, kinne de eveneminten him ferpleatse nei binnen ta. "Mocht het echt heel slecht worden, dan kunnen we het zo verplaatsen."

(advertinsje)
(advertinsje)