Amelanner keunstprojekt moat minsken bewust meitsje fan plestik sop

03 maaie 2019 - 07:11

It Natuersintrum op it Amelân makket fan de need in deugd. Noch alle dagen spielt der op de strannen fan it eilân nammentlik plestik guod oan fan de MSC Zoe. Dat skip ferlear yn jannewaris hûnderten konteners mei guod, faak ek fan plestik. Dat driget allegear yn de natuer te bedarjen.

Joris Collier en Gerdie de Jong - Foto: SeaBlue

In oantal keunstners besiket fan freed ôf op bysûndere wize omtinken te freegjen foar dat probleem. Besikers kinne foar it projekt SeaBlue plestik ynleverje by it Natuersintrum en dêr dan keunstwurken fan meitsje.

"Het idee lag er al langer. Maar toen kwamen twee kunstenaars uit Leeuwarden, Joris Collier en Gerdie de Jong, bij ons langs met de vraag om daar iets mee te doen", fertelt Aleida Edes fan it Natuersintrum.

Fan desimber ôf wurdt der al wurke oan it projekt. "Het is een project dat in ontwikkeling is en dat steeds verder wordt aangekleed met hulp van bezoekers."

Aleida Edes

Der wurde ferskate keunstwurken makke. Eltse tongersdei binne de keunstners oan it wurk en jouwe se workshops. "Bezoekers kunnen iets maken voor zichzelf, dat ze mee kunnen nemen naar huis. Maar het idee is ook om de dingen die maken op te hangen in de studio, zodat ze echt meewerken aan de installatie."

Bewust meitsje

It Natuersintrum wol minsken bewust meitsje fan de plestik sop, hoe't se dy sels lytser meitsje en yn de takomst sels foarkomme kinne.

Op freed 3 maaie set it projekt offisjeel útein. Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening, sil de ynstallaasje iepenje. It projekt rint oant novimber, mar as der mear plestik is en as minsken entûsjast binne, sil it projekt miskien ferlinge wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)