Bevrijdingsfestival Fryslân: "We fiere flink feest, mar steane ek stil by frijheid"

03 maaie 2019 - 06:46

Der binne altyd in soad aktiviteiten op Befrijingsdei. Sa is der tradysjegetrou ek wer in befrijingsfestival yn Ljouwert. Artysten komme op meardere poadia gear om minsken te fermeitsjen en mei inoar de frijheid te fieren. Nanda Tuinstra fan de organisaasje fan Bevrijdingsfestival Fryslân fertelt ús wat der op snein 5 maaie allegearre te belibjen falt.

Foto: Lucas Kemper, Stichting Bevrijdingsfestival Fryslân

Wat hat it Befrijingsfestival as doel en mei hokker gefoel wolle jim minsken nei hûs stjoere?

"Op Befrijingsdei fiere we dat we op 5 maaie 1945 befrijd waarden fan Dútske besetting. Dat bart op 14 festivals troch it hiele lân en Bevrijdingsfestival Fryslân fynt fansels plak yn Ljouwert. We fiere flink feest, mar steane ek stil by it feit dat frijheid net fanselssprekkend is. It tema dit jier is: In vrijheid kiezen. Dat ferwiist nei de Europeeske ferkiezingen. Do kinst op it festival dyn stim hearre litte!"

Wannear wurdt der troch de organisaasje sprutsen fan in suksesfolle dei en hoe folle minsken wurkje dêroan mei?

"De dei is suksesfol as we mei inoar in prachtich feest fiere én stilsteane by wêrom we dat feest hawwe. Der binne inkelde tsientallen frijwilligers yn it spier. Minsken dy't harren hast alle jierren wer oanmelde as frijwilliger, en dy't dat ek op meardere festivals dogge. It is in soarte fan hobby foar harren. Se binne in geweldige stipe foar de organisaasje. ."

Hokker aktiviteit meie de minsken wier net misse?

"Dat is de speakers corner op it Plein van de Vrijheid yn de Prinsetún! Yn gearwurking mei iepenUP komme der in oantal nijsgjirrige sprekkers fertellen oer wat frijheid foar harren betsjut. Do kinst sels ek meiprate. Oan it wurd komme A.J. Soepboer, Fenna Feenstra (SP), Eline van Nistelrooij (GroenLinks), Henk te Biesebeek (sjoernalist Omrop Fryslân), Line Hut en Daliah Vakili."

By wa moatte wy grif foaroan stean?

"Dat wurdt in drege kar, want der binne dit jier twa haadpoadia dêr'tst út kieze kinst. Op it Leeuwarder Courant Hoofdpodium sjochst ûnder oaren Douwe Bob, Rondé en lanlik ambassadeur Kraantje Pappie. Op it twadde haadpoadium, it Omrop Fryslân Noardewynpoadium yn de Arendstuin steane Elske DeWall, de Hûnekop en de Daredevils. Neist de twa haadpoadia binne der noch tal fan lytsere muzykpoadia yn de stêd te finen. De iene is hielendal regele troch studinten, de oare jout poadium oan opkommend talint yn Fryslân, Drinte en Grinslân. Sa is it befrijingsfestival in plak foar elkenien."

De plattegrûn en it tiidskema fan it festival

Wat is der te belibjen foar bern?

"Bevrijdingsfestival Fryslân hat it grutste Kinderfestival fan alle 14 festivals yn Nederlân. Der komme alle jierren sa'n 8.000 bern nei de Prinsetún op 5 maaie. Sirkus Saranti is tradisjoneel it middelpunt, mar der binne ek spingkessens, schminkers en steltrinners. Bysûnder is de gearwurking mei Van Ravesteijn Theater dit jier. Sy heakje yn op it tema 'in vrijheid kiezen' mei in spannend doalhôf."

Wat is foar de organisaasje de ultime Bevrijdingfestival belibbing?

"Dat is it 5-voor-5 momint. Om 16.55 oere hawwe alle 14 festivals fia fideoskerms kontakt mei inoar en fielst echt dat dit net samar in festival is, mar dat we de frijheid fiere en dat we dat mei ús allen dogge; alle jierren wer."

De Fryske ambassadeur is sjongeres Pyn. Wat is har taak op it festival?

"Sy is de ferbinende faktor tusken 4 en 5 maaie, en tusken muzyk en de ynhâldlike boadskip dy't it festival útdrage wol. Op 4 maaie spilet se in liet by de provinsjale betinking yn de Prinsetún, op 5 maaie fiert se it feest mei op it haadpoadium. Sy hat yn de oanrin nei 4 en 5 maaie oan ús ferteld wat frijheid foar har betsjut en hoe'st dat yn har muzyk werom hearst. Aardich om te witten: sy stie twa kear earder op it befrijingsfestival yn Haarlem, dêr't se no wennet."

Der wurdt min waar ferwachte. Hoe riede jim jim dêrop ta?

"It heart in bytsje by it festivalgefoel, hin? Wurdt it moai waar of wurdt it dat net? In bytsje festivalgonger kin it net safolle deare en sa steane wy der ek yn. Paraplu mei, goed oanklaaie en trochgean!"

Noardewyn Live poadium, 5 maaie, Befrijingsdei, Elske DeWall - Foto: Omrop Fryslân, Willy Wilpstra

Mear ynformaasje oer it Bevrijdingsfestival Fryslân is te finen op harren webside.

Fier de frijheid op 5 maaie yn Ljouwert mei Omrop Fryslân! Yn de Arendstuin yn Ljouwert stiet it Noardewyn Live poadium fan Omrop Fryslân. Kinst der net by wêze? It folsleine programma fan 13.00 oant 22.00 oere is ek te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Line-up:
13.00 - 13.25 All for one
13.40 - 14.05 The Bounty Hunters
14.15 - 14.40 Elske DeWall
14.50 - 15.15 Frisicana 2
15.30 - 16.00 William Seen's Transport Music
16.30 - 17.30 The Kilkennys
18.00 - 19.00 De Hûnekop
19.30 - 20.30 Daredevils
21.00 - 21.30 Joost
21.30 - 22.00 De Doelleazen

(advertinsje)