Twatal stekt man del yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn in 33-jierrige man en in 45-jierrige frou oanhâlden foar in stekpartij. Se wurde derfan fertocht dat se op de Oldegalileën in 39-jierrige Ljouwerter delstutsen hawwe. It slachtoffer is behannele yn it sikehûs en hat dêrnei oanjefte dien. Op basis fan dy gegevens hat de plysje de man en frou oanhâlden.
© Omrop Fryslân