Hast 150 minsken by EU-lânboudebat yn Marum

02 maaie 2019 - 23:13

Oer trije wike kieze we it nije Europeeske Parlemint. Boeren hoege jo net te fertellen hoe wichtich Brussel is, want hast 150 minsken kamen tongersdeitejûn ôf op it earste EU-debat fan boere-organisaasje LTO yn Marum. Foar harren sektor wurde dan ek in soad besluten yn Brussel naam. Sân politike partijen giene mei inoar yn de debat, mei benammen kandidaten út it Noarden.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fansels waarden in soad echte boeretema's oansnien, sa as de molkpriis, duorsum buorkje, bestridingsmiddels, subsydzjes en it wetterpeil. Mar der kamen ek fragen oer it 'absurde' reizgjende sirkus tusken Brussel en Straatsburg en oft de fraudearjende EU-parlemintsleden net hurder oanpakt wurde kinne.

LTO-lobbyïst yn Brussel Klaas Johan Osinga, hopet dat mei dit soarte debatten dúdlik wurdt hoe wichtich oft Europa foar de takomst fan de hiele agri-business is en dat we de kâns om ús stim hearre te litten, net lizze litte moatte.

De Europeeske ferkiezingen binne yn Nederlân op tongersdei 23 maaie.

Ferslachjouwer René Koster wie by it EU-debat fan de LTO

(advertinsje)