Wiardahal yn Ljouwert lang om let legionellafrij

02 maaie 2019 - 22:25

De dûsen fan de Wiardahal yn Ljouwert binne tongersdei lang om let frij ferklearre fan de legionellabaktearje. Begjin dit jier waard der legionella oantroffen yn it sportkompleks. Yn de klaairomten fan de fuotbalklups FVC en Blau Wyt mocht dêrtroch sûnt febrewaris net mear dûst wurde.

Dûse - Foto: Shutterstock.com

De hiele hal is de ôfrûne twa dagen skjinmakke en desynfektearre en wie dêrom fanwege de wurksumheden sletten foar it publyk.

De hal is no wer iepen en de kantine, klaaikeamers en dûsen kinne wer brûkt wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert legionella Wiardahal
(Advertinsje)
(Advertinsje)