Kustgemeenten skriuwe pittige brief oer kontenerramp oan Twadde Keamer

02 maaie 2019 - 22:03

De feriening fan kustgemeenten yn Nederlân en België, de KIMO, fynt dat sy net genôch belutsen is by de ôfhanneling fan de kontenerramp. Der is gjin reaksje kommen op in brief dy't de feriening yn jannewaris stjoerd hat oan minister Cora van Nieuwenhuizen. De KIMO freget no mei in nije brief de oandacht fan de Twadde Keamer.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De feriening hie yn april graach meidien wollen oan in petear oer de ôfhanneling fan de kontenerramp, mar is dêr net foar útnûge. Dat fynt KIMO tige spitich, ek omdat dizze feriening Fishing for Litter koördinearret. Fiskers sammelje smoargens en leverje dat yn. Nei de ramp is der wat ekstra jild kommen om de fiskers te belûken by it opromjen fan it kontenerguod.

KIMO freget ek omtinken foar de feiligens fan de fiskers, omdat sy gefaar rinne no't noch lang net alle smoargens fan de ramp burgen is. Mear as de helte leit noch op de seeboaiem. Ek jout de feriening oan dat der mear jild komme moat foar de fiskers om de smoargens op te romjen. It jild dat takend is, is folle minder as de kosten dy't makke binne.

De feriening hat soargen oer de takomst. De kâns op in slimmere ramp wurdt grutter, omdat it drokker wurdt op it wetter en der minder romte is troch bygelyks wynmûneparken, sa stelt KIMO.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)