Seizoen foar Aris sit der op nei twadde ferlies tsjin Landstede Zwolle

02 maaie 2019 - 21:49

It seizoen foar Aris sit der op. De Ljouwerter basketballers ferlearen op It Kealledykje mei 72-100 fan Landstede Zwolle en kamen dêrtroch mei 2-0 achter yn in best-of-three wedstriid. De kwartfinale is dêrtroch it einstasjon.

Aris begûn, krekt as tiisdei, goed oan de wedstriid. De Ljouwerters kamen op in 20-15 foarsprong. Troch sloardich spul lieten se Zwolle weromkomme en mei in trijepunter yn de lêste sekonde pakte Zwolle sels noch de winst yn it earste kwart: 22-24. Yn it twadde kwart waard it spul fan Aris noch sloardiger. Zwolle begûn just better te spyljen en rûn út nei in 45-36 foarsprong. Aris hie de earste helte mar leafst 13 kear balferlies.

Nei rêst begûn Aris tige min, pakte Zwolle 16 punten op rige en wie it gat al te grut: 36-62. It tredde kwart waard ôfsletten mei tritich punten ferskil: 43-73. It lêste kwart wie dêrtroch in formaliteit. De Zwolle-supporters raasden '100, 100' en dat slagge. De einstân waard 72-100 foar Landstede Zwolle.

Aris waard yn de kompetysje sânde. Landstede Zwolle einige as twadde en wie dêrtroch ek favoryt. Landstede wûn de earste wedstriid yn Zwolle mei 92-70.

(advertinsje)
(advertinsje)