Drachtster (34) wikselet bleatfoto's út mei 12-jierrich famke: selstraf easke

Tsjin in 34-jierrige Drachtster is tongersdei in jier finzenisstraf easke, wêrfan in heal jier ûnder betingst. De man hie fia Snapchat en in chatsite kontakt mei in 12-jierrich famke. De 'petearen' tusken de twa hiene in seksuele ynslach. Ek stjoerden se inoar bleatfoto's ta en stelde de man it famke foar om bepaalde hannelingen by harsels te dwaan.
© ANP/EPA
De Drachtster hat tajûn dat er yn 2016 moannen lang kontakt hie mei it minderjierrige famke. Yn de petearen dy't de twa hiene, waard praat oer in moeting. Safier is it lykwols net kommen. De man siet yn in sosjaal isolemint en dronk in soad. Tsjintwurdich giet it better mei him en folget er in behanneling.
De rjochtbank docht oer 14 dagen útspraak.