Wannee yn top 100 bêste grienterestaurants fan de wrâld
Restaurant Wannee yn Ljouwert stiet yn de top 100 fan de bêste grienterestaurants yn de wrâld. It stiet op it 93e plak. De list is gearstald troch We're Smart World. Dizze organisaasje wol minsken en bedriuwen dy't ekologysk en duorsum dwaande binne, byinoar bringe.
Wannee is it restaurant dat by de Hegere Hotelskoalle fan NHL Stenden heart. Masterkok Albert Kooy hat alle moannen in menu mei griente fan de kâlde grûn. Der wurdt wol fleis servearre, mar allinne as garnituer.