Willem van der Zee al 80 jier lid fan fakbûn FNV

Ald-bakker Willem van der Zee (94) út Ie fierde tongersdei dat er tachtich jier lid fan it fakbûn is. FNV-haadbestjoerder Gerben van der Meulen wie spesjaal nei doarpshûs De Jister yn Ie kaam om de jubilaris mei syn famylje en âld-kollega's te huldigjen.
Willem vd Zee (r) mei Gerben van der Meulen fan it FNV haadbestjoer © Omrop Fryslân, René Koster
Van der Zee is ek opnaam yn in bysûnder boek fan de FNV: Solidaire Helden, wêryn't syn ferhaal ferteld wurdt njonken dat fan oaren dy't dit jier tachtich jier lid binne. De jubilaris wit noch bêst dat er lid waard. "Ik kom út in read nêst, dan wie it automatysk sa dat je fuortendaliks lid waarden as je oan it wurk gongen. Dat wie by my as bakkersfeint ek fanselssprekkend."

"Wurk genôch!"

Neffens FNV-bestjoerder en Fries om utens Van der Meulen ha de fakbûnen noch altyd in wichtige maatskiplike funksje. "Sjoch allinnich mar nei de hiele pensjoendiskusje. Boppedat is yn in soad sektoaren de feiligens foar de wurknimmers noch lang net op nivo. Wurk genôch dus!"
De FNV-haadbestjoerder klinkt striidber as der twivele wurdt oan it nut fan it fakbûn. "Fansels, it automatisme is derút, dat minsken fuort lid wurde as se oant wurk gean. Ek de solidariteit is ûnder jongere wurknimmers faak net mear wat je hoopje, mar de rol fan it fakbûn is bepaald noch net útspile. We skriuwe as FNV alle moannen noch fjouwer- à fiiftûzen nije leden yn."
Jubilaris Willem van der Zee 80 jier by it FNV