Sel easke tsjin man dy't Kollumersweachster heal blyn slein hat

Tsjin in man út Eanjum is tsien moanne sel easke, omdat er in man út Kollumersweach mishannele hat. Hy sloech it slachtoffer sa bot, dat dy bliuwende skea oan syn each hat. De twa wiene yn novimber ferline jier belutsen by in fjochtpartij yn kafee Prins yn Kollumersweach.
Geweld © Shutterstock.com
De man út Kollumersweach woe syn broer helpe dy't rûzje krigen hie. De fertochte soe de man ferskate kearen slein ha, nei alle gedachten mei in fjoeroanstekker yn syn hân.
It slachtoffer rekke swier ferwûne oan syn each. Hy is der al in pear kear oan operearre en dat moat noch faker. Nei alle gedachten kin hy der nea wer goed mei sjen. It slachtoffer easket 20.000 euro smertejild fan de man út Eanjum.
De rjochter docht oer twa wiken útspraak.