ONS Snits ferlinget kontrakt mei haadsponsor

Haadsponsor De Witte Lakenvelder ferlinget it kontrakt mei ONS Snits. Dat hat de fuotbalklup tongersdeitemiddei bekend makke.
© Omrop Fryslân
Oer de ynhâld fan it kontrakt is neat bekend makke. Sa is ek net dúdlik oant hoelang't De Witte Lakenvelder ferbûn bliuwt oan ONS. Wol hat eigener Tjalko de Witte fan it bedriuw út Jutryp ferklearre dat er tefreden is mei de gong fan saken by de klup en de ynset fan de frijwilligers en professionals. Hy sjocht goede perspektiven yn de ûntwikkeling fan de feriening.
De Snitser sneonsklup spilet yn de tredde difyzje en stiet dêr op dit stuit op it 13e plak.