Wurk- en selstraffen foar belutsenheid by drugslab Aldebiltsyl

02 maaie 2019 - 18:42

Foar it opbouwen fan in drugslab yn Aldebiltsyl hat de rjochtbank yn Den Bosch tongersdei acht manlju feroardiele ta wurk- en selstraffen oant trije jier sel. De groep hie plannen foar in grut amfetaminelab yn in skuorre yn Aldebiltsyl. Dat wie noch yn oanbou, doe't de fertochten oppakt waarden.

Foto: Wikimedia Commons

Ien fan de feroardielden komt út Aldebiltsyl sels. It giet om de bewenner fan de pleats dêr't de skuorre by heart. Hy krige in wurkstraf fan 240 oeren en in selstraf ûnder betingst fan in heal jier. De oaren komme foaral út Brabân.

Der wiene hegere straffen easke tsjin de fertochten, omdat justysje der fanút gie dat sy ek belutsen wiene by in drugslab yn Drinte. Mar dêr wie neffens de rjochtbank te min bewiis foar.

(advertinsje)