Fryslân DOK: Minderheden teloarsteld yn Europeeske Uny

02 maaie 2019 - 18:13

De ferhâlding tusken de Europeeske minderheden en de EU soe wol goede relaasjeterapy brûke kinne. Dy konklúzje is te lûken út it trijelûk dokumintêres dat FryslânDOK makke hat mei it each op de Europeeske parlemintsferkiezings fan 23 maaie. Yn de searje 'De grinzen fan Europa' wurdt pynlik dúdlik dat minderheden teloarsteld binne yn de Europeeske Uny.

Yn de jierren 90 waard noch folop praat oer 'it Europa fan de regio's', mar hjoed-de-dei lykje foaral de Steaten wer foar master op te slaan. Nettsjinsteande de offisjele slogan 'Unity in diversity' docht bliken dat it belang fan de lidsteat foar de EU hieltyd wer sterker is as dat fan de minsken yn de regio.

Dat alteast is it gefoel dat libbet by de trije minderheden dy't Fryslân DOK opsocht: de Roma yn Bulgarije, de Sami yn Sweden en de Aranezen yn Spanje. Yn eltse ôflevering reagearret in bekende Europeeske politikus op de situaasje fan de oanbelangjende minderheid.

Trijelûk

Yn it trijelûk 'De grinzen fan Europa' siket Fryslân DOK it antwurd op de fraach wat minderheidsgebieten fan de EU freegje, mar ek wat sy de EU te bieden hawwe.

By de oprjochting fan de EU wie de ferwachting dat Europa der ek foar de minderheden en de regio's wêze soe. Dêrby moat de EU faak lavearje tusken it belang fan de minsken yn de regio's en dat fan de naasjesteaten. It docht bliken dat de Brusselske bestjoerders faak kieze foar it lêste.

Byienkomst op it Roma nijjier yn Plovdiv - Foto: Omrop Fryslân

De Fryske sjoernalist Onno Falkena gie dwerstroch Europa op 'e syk nei de leafde dy't minderheden hawwe foar de Europeeske Uny. Fan Ljouwert út wie syn earste logyske halte: de Bulgaarske stêd Plovdiv, Kulturele Haadstêd fan 2019.

Roma

Plovdiv is ien fan de âldste stêden fan Europa, in stêd dy't optilt fan kulturele rykdom, mei tank oan Turkske, Grykske en Russyske ynfloeden. Mar ek de stêd mei it grutste Roma-getto fan Europa.

Yn de wyk Stolipinovo wenje 50.000 sigeuners yn erbarmlike omstannichheden. It Europeeske belied fan de lêste njoggen jier hat dêr amper wat oan feroare, wylst ûnder ynfloed fan Bulgaarsk nasjonalisme de diskriminaasje earder ta as ôf liket te nimmen.

Demonstraasje tsjin klimaatferoaring yn Jokkmokk by in temperatuer fan -19 - Foto: Omrop Fryslân

Sami

Ek yn it uterste noarden fan Europa is de sitewaasje net florissant. De Sami binne it iennichste natuerfolk fan Europa en hawwe as sadanich rjocht op beskerming, mar yn de praktyk hat it Sweedske regear amper each foar de belangen fan de 50.000 Sami.

Mynbou en oare ekonomyske aktiviteiten foarmje in streekrjochte bedriging foar leefgebiet en libbenswize en der is gjin Europeeske ynstânsje dy't it oandoart om Sweden op de fingers te tikjen. Lykwols, no't ek de klimaatferoarings it bestean fan de Sami oanfrette, lykje de bewenners ree te wêzen om yn opstân te kommen.

Onno Falkena is der tsjûge fan dat se de help ynroppe fan in heechlearaar boargerlike oerhearrigens, Stellan Vinthagen. Op de iuwenâlde Sami wintermerk wurdt by -19 graden fûleindich demonstrearre tsjin de klimaatferoaring en dat is foar it earst.

Op de basisskoalle fan Gessa yn de Val d'Aran leare de bern fiif talen - Foto: Omrop Fryslân

Aranezen

De tredde ôflevering giet oer de autonome Val d'Aran, it meast noardwestlike gebiet fan Kataloanië. Dêr liket it better te gean. De Val d'Aran leit heech yn de Pyreneeën op de grins fan Spanje en Frankryk en foarmet it skarnier tusken ferskate kultueren en talen. De bern leare hjir fiif talen op skoalle, mei it eigen, lytse Aranees as earste.

De Aranezen hearre kultureel by Oksitanië yn Frankryk, mar binne ôfhinklik fan Kataloanië én fan Spanje. De 10.000 ynwenners fan de Pyreneeëndelling wolle it leafste mei alle grutte buorlju yn harmony en binne dêrom wiis mei it Europa fan iepen grinzen en ien munt. Mar oprinnende spanningen tusken Kataloanië en Spanje bedriigje it bysûndere lykwicht yn de Val d'Aran.

Harkje nei de reaksje fan Europarlemintariër Jan Huitema

Fryslân DOK: De grinzen fan Europa

Snein 5, 12 en 19 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje. Ek te sjen op sneon 4 maaie, 11 maaie en 18 maaie om 15.30 oere en snein 5, 12 en 19 maaie 13.00 oere op NPO 2. De ôfleveringen binne yn gronologyske folchoarder: de Roma, de Sami en de Aranezen.

(advertinsje)
(advertinsje)