Opnij kop-sturtbotsing op Tesselschadestrjitte yn Ljouwert

02 maaie 2019 - 18:02

Foar de twadde dei op rige hat der in kop-sturtbotsing west op de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert. Troch it ûngelok ûntstie dêr tongersdeitemiddei in grutte opstopping, om't it ferkear oer ien rydstrook moast.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der stie al in file rjochting it sintrum fan de stêd en dy waard te let sjoen troch it achteropkommend ferkear. Twa belutsen bestjoerders út Ljouwert binne op it plak fan it ûngelok neisjoen troch ambulânsepersoniel. In berger is ynskeakele om twa auto's fuort te slepen.

Op de Tesselschadestrjitte wie woansdei ek al in kop-sturtbotsing. Hjirby rekke in frou licht ferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)