Nije stedsplattegrûn fan Ljouwert presintearre

Toeristen dy't dit jier nei Ljouwert ta komme, kinne in nije stedsplattegrûn brûke. Wethâlder Herwil van Gelder van de gemeente Ljouwert hat it earste eksimplaar yn ûntfangst naam. It giet om in plattegrûn fan A Guide to Leeuwarden, in organisaasje dy't al seis jier stedskuiertochten organisearret. Dêrnjonken wurdt alle jierren in nije plattegrûn makke.
Plattegrûn Ljouwert © Omrop Fryslân
Op de foarkant fan de plattegrûn stiet de muorreskildering fan Saskia Uylenburgh dy't by de Prinsetún yn Ljouwert te sjen is. Neffens Leutscher fan A Guide to Leeuwarden is dat hiel bewust keazen. "Het is een historische afbeelding in een nieuw jasje, het is street art, hip en er zit een grappig verhaal achter. Dat is wel de rode draad door onze tours."
Dat wurket goed, want de stedskuier fan A Guide to Leeuwarden is al seis jier lang de bêst beoardiele toer op TripAdvisor. Yn 2018, it jier fan Kulturele Haadstêd, hawwe hast 30.000 minsken meidien oan in stedskuiertocht.