Wichtige seal foar doarpslibben Wytmarsum ticht

Eigeners Arno en Gertina Burger hawwe de Gekroonde Roskam al in skoft te keap stean, mar der kaam net genôch flecht op 'e koai foar it kafee mei seal. Dêrom hawwe sy no besletten om mei de seal hiel wat oars te dwaan: der wurde apparteminten yn makke.
Wichtige seal foar doarpslibben Wytmarsum ticht
Mei de seal derby hat de Gekroonde Roskam in soarte fan doarpshûsfunksje foar it doarp. It kafee bliuwt gewoan iepen, al stiet dat noch hieltyd te keap. De saak draait fierder goed, sa sizze de eigeners.
De Gekroonde Roskam is wichtich foar it doarp en omkriten. Ofsjoen fan it kafee is der eins gjin alternatyf. In alternatyf foar de seal is ek net gau fûn.
De seal fan de Gekroonde Roskam © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der is wol mei Doarpsbelang Wytmarsum sjoen nei in oplossing wêrby't de seal gewoan beskikber bliuwe kin foar it doarp, mar neffens eigener Arno Burger smiet dat net gau genôch resultaat op. Dus hawwe sy in fergunning oanfrege by de gemeente om de de seal te ferbouwen en fan ein juny ôf is de seal net mear beskikber.
Eigener Arno Burger © Omrop Fryslân, Remco de Vries