Der is noch hoop foar fuortbestean frouljusteam SC Hearrenfean

02 maaie 2019 - 16:40

Mocht der gjin oplossing komme foar it frouljusteam fan SC Hearrenfean, dan ha sy dizze tongersdei harren lêste training hân. Mar der is noch hoop. Ferline wike kaam yn it nijs dat it team ophâldt te bestean, mar der binne noch hieltyd kânsen neffens foarsitter Froukje Hofma fan de stichting SC Heerenveen.

Hofma skat de kâns sels 50 prosint yn dat it team folgjend seizoen wer meidocht oan de kompetysje. In diel fan de hoop is fêstige op de gemeente Hearrenfean, dy't tongersdei oer it frouljusteam prate sil.

Froukje Hofma - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Tiny Hoekstra is de topskoarder fan it frouljusteam. Sy fynt it hiel belangryk dat it team bestean bliuwt. "Wy binne de iennige klup yn it Noarden, dus ek famkes yn Grinslân en Drinte ha de dream om hjir te fuotbaljen."

Takomst spilers ûnwis

It is ûndúdlik hoe't it mei de spilers fan it team komt as it frouljusteam ophâldt te bestean. De kâns is dan grut dat in soad spilers weromgeane nei it amateurfuotbal. Tiny Hoekstra ferwachtet dat sy wol by in oare profklup fierder kin.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)
(advertinsje)