Slachthûs yn Drachten bliuwt foarearst ticht

02 maaie 2019 - 16:30

It abattoir yn Drachten bliuwt foarearst noch ticht. Foarige wike is de eigener fan it slachthûs oppakt, omdat hy in keuringsdokter fan de NVWA mishannele hie. It abattoir is doe daliks sluten, yn ôfwachting fan in petear mei de NVWA.

Foto: Omrop Fryslân

De keuringsynstânsje nimt de mishanneling heech op en hat oanjefte tsjin de man dien by de plysje. It is in standertproseduere, seit in wurdfierder, om dan yn in petear de eigener fan it slachthûs te hearren.

Undúdlik is oft dêrnei it abattoir wer iepen kin. De eigener is twa kear earder feroardiele fanwege misstannen yn syn bedriuw.

Trefwurden: 
Drachten slachthûs abattoir
(advertinsje)
(advertinsje)