Kollum: "(Un)handich"

02 maaie 2019 - 16:15

"Annet van der Hoek is handich. Guon soene sizze dat se rjochts wurden is, mar dat is net sa. Gewoan handich. We sieten ús in pear wike lyn allegear ôf te freegjen wêrom't dit altyd foaroansteande PvdA-lid, oant yn de Steaten en Keamer ta, net mei har eigen PvdA en Water Natuurlijk meistimde yn it wetterskipsbestjoer. Dêrom koe Sjoerd Galema formateur wurde en en it wetterskip ferwurde ta in boere-organisaasje, dy't tsjin it miljeu is. Wetter stiet yn Fryslân de kommende 4 jier altyd te leech in de sleatten.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Annet van der Hoek is tiisdei beneamd yn it deistich bestjoer fan it wetterskip. It liket op in mei har stim kochte sit, mar dat kin je net lûdop sizze. Gewoan handich.

Foar ús is it net sa handich, want we moatte sadree't se yn it bestjoer sit, tenei folle mear betelje oan it wetterskip. Mar dat wisten we ek al om't se ferline jier 7,8 miljoen tekoart hienen en dat kinne we Annet van der Hoek net oanrekkenje. Net mear as handich.

Gerrit-Jan de Vries wie net handich. Gerrit is fraksjefoarsitter fan de VVD yn de gemeenteried fan Harns. Hy frege yn de gearkomste fan febrewaris nei it finansjele plaatsje fan de stichting Fiskerijdagen. Ach nee, we binne yn Harns: Visserijdagen. Jierliks wurde dy yn Harns fierd. It is eins itselde as in doarpsfeest, inkeld binne de fiskersskippen wat mear fersierd. Se binne dit jier fan 28 augustus ôf.

De stichting Visserijdagen wie rekke oer it feit dat Gerrit de Vries nei harren sinten frege. Watte, se wiene sá lulk, dat se tsjin de gemeente sein ha: "Hâld jim subsydzje mar, wy wolle it net mear ha, want dan freegje sokke idioate VVD'ers hoefolle sinten at we ha. En dat is ús privacy."

Op de webside fan de Visserijdagen steane 78 sponsoaren. Opdield yn 8 fakken; dat hat fansels te krijen mei hoefolle oft je betelje wolle en kinne. Vermilion Energy is haadsponsor. Ik wit echt net wat dy betelje, mar it is net in bytsje. It is ommers in grut ynternasjonaal bedriuw dat ús gas út ús grûn sûget, en dan ferkeapet. Dat smyt in soad sinten op. 78 sponsoaren is in knoarre jild. Logysk dat dy Visserijdagen sizze kinne: "Dan hoege we dy foai fan de gemeente ek net mear." Ja, ik sis foai, mar ik wit dat bedrach ek net, want de webside fan de gemeente is wat dat oanbelanget foar my blokkearre.

Mar ik ferûnderstel dat as der safolle sponsoaren binne, dan hie de stichting Visserijdagen himsels wol rêde kinnen, en dan hie de gemeente har beheine kinnen ta it ôfsetten fan de diken tidens de feestlikheden. Mar nee, subsydzje.

Dus wat barde der: 12 fan de 17 gemeenteriedsleden fan Harns ha in in iepen brief stjoerd nei de Visserijdagen. Dêryn stiet dat Gerrit de Vries dy privacy net oantaaste woe mei syn opmerking. En dy subsydzje leit echt klear, dus kom op stichting, frede. Ja, dy gemeenteriedsleden ha fansels muoite mei de safolste begruttingswiziging. Want as dy taseine sinten net nei de Visserijdagen geane, wat ha we dêr foar alternatyf foar, der is neat fergelykbers.

5 fan de 17 riedsleden stienen net op dy brief: Gerrit fansels sels net, Harlinger Belang net, Wad'n Partij net en GrienLinks ek net. Wêrom net? Binne se net frege? Of fine se ienriedigens yn de stêd Harns net wichtich. It REC sit net by de 78 sponsoaren, dus dêrom hie't ek wol kinnen. We witte it net. We witte neat. De Harlinger Courant hie inkeld mar it ynstjoerd stikje fan dy 12 gemeenteriedsleden, dy't djip troch de knibbels giene foar de stichting Visserijdagen. Nim asjebleaft ús subsydzje oan, toe no, dan hearre wy der ek by. Mear witte we net.

Sa linkendewei wurdt polityk Harns in apart soadsje. Net oars as de Visserijdagen: we kinne ússels wol rêde. Harns wol net by de rest fan Fryslân heare. Eins is sa'n ynstoerd stikje in typyske eilanner reaksje, sa ha se dêr ek altyd polityk bedreaun. Dat rûn wol út de hân sa no en dan. Gerard van Klaveren waard nei It Amelân stjoerd, om't se elkoar dêr de harsens ynsloegen. Neffens Brok hat Gerard It Amelân rêden. Dus moat hy no mar nei Harns ta. Of moat handige Annet dêr hinne?"

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)