125 jier keatserij yn Stiens: grutte revu troch de leden en jubileumkeatspartij

Yn it doarp Stiens wurdt al 125 jier keatst. Takom wykein stiet der in jubileumfeest op it programma. Der is bygelyks in toanielfoarstelling, opfierd troch de keatsers en der wurdt in partij ferkeatst. Dit alles bart by de tradisjonele Stienzer keatsdagen.
© ANP
Keatsklup De Boer fan Stiens fiert tongersdei syn 125-jierrich jubileum mei in resepsje foar leden en sponsoaren. Freedtejûn is der in revu, skreaun en opfierd troch de leden sels. "Dat is hiel spannend", fertelt foarsitter Gerke Draaistra fan KC De Boer. "It stik is twa jier lyn skreaun en it giet oer fjouwer generaasjes buorkjen, kroechlibben en it keatsen troch de generaasjes hinne."
"Dan moatte je minsken fine en dy sykje je dan út de hurde kearn fan de keatsklup wei, mar in oantal hat noch hielendal gjin ûnderfining mei toaniel. Healwei komt it selsbetrouwen, want dan krije se it wat ûnder de knibbel, al is it moarn fansels wol wer spannend."
Fol is fol, oars giet de brânwacht net akkoart.
Gerke Draaistra, foarsitter KC De Boer út Stiens
Foardat de toanielfoarstelling begjint binne der ek noch aktiviteiten, seit Draaistra. "Freed begjinne wy mei in reüny, in bakje kofje en letter in buffet. Dêrnei stadichoan nei de revu." De tagong is fergees mar: "Fol is fol, oars giet de brânwacht net akkoart."
Sneon is der noch in jubileumpartij en foar takom wike steane de tradisjonele Stienzer keatsdagen op it programma.

Minder leden?

Oer it alhiele keatsen binne der ferhalen dat it tal leden en ynteressearre minsken yn de sport efterút rint. Draaistra fernimt it ek, mar net yn Stiens. "Ik fyn dat minsken der nei sjen moatte as it glês healfol is. Wy besykje it yn Stiens de ôfrûne jierren op in heger nivo te krijen troch it keatsen leechdrompeliger te meitsjen."
"Dêrom hawwe wy de tagong by de haadklasse der ek ôfhelle. Dat docht fertuten, want der binne it ôfrûne jier mear minsken kaam. It hat 125 jier bestien, der is gjin inkelde reden om oan te nimmen dat it net nochris 125 jier kin", sa seit Draaistra.
Foarsitter Gerke Draaistra fan KC De Boer