Cambuur op besite by de kampioen: "Een mooie uitdaging"

02 maaie 2019 - 14:59

SC Cambuur is al wis fan de play-offs en spilet freed de lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen. Dat is in moai affysje, want de Ljouwerters geane op besite yn Enschede by kampioen FC Twente.

Foar trainer René Hake betsjut it dat hy foar it earst as trainer werom komt yn de Grolsch Veste. Hy wurke der jierren by de jeugdoplieding en wie trainer fan it earste fan FC Twente. "Ik moet er om denken dat ik de juiste kleedkamer in loop", laket de trainer. "Het is mooi om terug te zijn bij de club waar ik jaren heb gewerkt. Er ligt een mooie uitdaging voor ons. We spelen in één van de mooiste stadions van Nederland tegen de kampioen."

Van Kippersluis werom yn basis

Kevin van Kippersluis komt werom fan in skorsing. "De kans is groot dat hij in de basis begint", fertelt Hake. Op basis fan de training giet dat ten koste fan Issa Kallon. Fierdere wizigings yn de opstelling wurde net ferwachte.

Middenfjilder Kevin Jansen fynt it noflik dat de doelstelling, it heljen fan de play-offs, berikt is. "Er is een last van je schouders gevallen dat je het hebt gehaald. Ik denk dat we het goed hebben gedaan", sa seit Jansen. It betsjut dat de druk op Cambuur minder grut is. "We kunnen eigenlijk vrijuit spelen. Dat is iets anders. Het geeft iets meer rust. "

Teoretysk kin Cambuur sels noch in pear plakjes omheech op de ranglist. Dan soe de earste ronde noch oerslein wurde kinne. Mar dêrfoar moat Cambuur sels in goed resultaat helje, sjocht ek Hake. "Als wij een ronde willen overleven, zullen we zelf de wedstrijd moeten winnen. En dan nog ben je afhankelijk van andere ploegen."

Bliuwt Jansen of net?

Fan de hiele seleksje by Cambuur hat hast elkenien dúdlikheid. Utsein Jansen. Hy hat fan 'e wike in petear mei de klup hân, mar dat hat noch neat opsmiten. "Er is nog steeds geen nieuws. Het ligt allemaal nog open. Ik wacht het wel af."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal FC Twente
(advertinsje)