Fryske bakkers yn de prizen

Arne Vreeling fan bakkerij Vliegendehond út Wolvegea is de bêste bakker fan Noard-Nederlân. Hy waard kampioen by de Noard-Nederlânske Bakkersfakwedstriden. Dat is alle jierren.
By it jongfolk wûn ek in Fries: Sietse Terpstra fan banketbakkerij De Korenbloem yn Snits. Hy helle de measte punten mei mangelbroadsjes en croissants mei in swiete en in hertlike folling. Kok Pierre Wind oerlange de prizen oan de winners.
Foto's: Piet Haaksma