KAART: Hjir wurdt op 4 maaie yn Fryslân betocht

02 maaie 2019 - 14:20

Op tsientallen plakken yn Fryslân wurdt kommende sneon wer stilstien by oarlochsslachtoffers. Wat betsjut dat by dy yn de omkriten? Yn dit artikel is in handich oersjochkaartsje te finen én in protokol. Want meist no de Fryske flagge al as net úthingje?

Foto: Omrop Fryslân

Yn alle gemeenten wurdt wiidweidich omtinken jûn oan de deadebetinking en Befrijingsdei. Der binne ferskate seremoanjes dy't yn it teken fan in barren stean, lykas de betinking yn Fiifhûs. Dêr wurdt Hantje Zijlstra betocht, de pake fan sterke man Wout Zijlstra.

Guon gemeenten hawwe in 'gewoane' betinking, dy't net in direkte relaasje hawwe mei in barren de skiednis. Yn it oersjoch hjirûnder alle by gemeenten bekende betinkingen yn ús provinsje.

Flaggeprotokol

De Ryksoerheid hat rjochtlinen opsteld dy't dúdlikheid jouwe oer it úthingjen fan de flagge. It komt bytiden nochal krekt. Sa wurdt de flagge earst hielendal omheech lutsen en dêrnei healstôk hongen. By it striken fan de flagge is dat itselde, allinnich dan fansels oarsom.

De flagge mei fan 18.00 oere ôf oant 21.00 oere yn de mêst hingje. Yn Amsterdam hinget de flagge oant 21.10 oere.

De ynstruksje is ferplichte foar de oerheid en de lokale oerheden. Boargers meie nei eigen ynsichten flagje. Dat hâldt yn dat de foarkar ek by de Fryske flagge lizze mei, yn stee fan de Nederlânske trijekleur.

Hawwe wy yn dit oersjoch in deadebetinking oer de holle sjoen? Stjoer ús efkes in mailtsje op redaksje@omropfryslan.nl en wy heakje de lokaasje ta.

Trefwurden: 
4 maaie Deadebetinking
(Advertinsje)
(Advertinsje)