Elkien wol Nij Ylostins net fan de hân dwaan foar nij soarchkonsept

It is net nedich om Nij Ylostins yn Drylts te slopen, seit soarchûndernimmer Simmy de Vries fan Sigerswâld. Ferhierder Elkien seit dat de brânfeiligens net mear goed is en neffens soarchorganisaasje Patyna is it net mear mooglik om dêr goede soarch te ferlienen. Sa soene de keamers te lyts wêze.
Elkien wol Nij Ylostins
Yn in reaksje seit de gemeente Súdwest-Fryslân dat der gjin sprake is fan brânûnfeiligens. Der is in jildige brûkersfergunning en dy soe ek net yn it geding wêze.
Simmy de Vries hat earder besocht De Spiker yn Ternaard te keapjen, om dêr har soarchkonsept te yntrodusearjen. Eigener KwadrantGroep woe it gebou net oan har ferkeapje. No't Nij Ylostins driget te ferdwinen, komt sy wer yn aksje.

Kapitaalferneatiging

Neffens De Vries is der in soad ferlet fan goedkeape hierwenten foar âlderein. No't in soad soarchynstellings gebouwen slope, is dat neffens har kapitaalferneatiging en binne de âlderen hjir de dupe fan har. De âlderein fan Nij Ylostins is it net iens mei de sloop. Sy komme takom wike yn aksje.
Nij Ylostins, Drylts © Omrop Fryslân, René Koster
Ynvestearder Henk Hoekema fan Koudum hat kontakt socht mei eigener Elkien, mar hy hat noch gjin reaksje krigen. "Foar Elkien is sloop maklik. Nei 40 jier is sa'n gebou út de boeken, mar ik ha der muoite mei hoe't sy mei de minsken omgean. Mei Simmy kinne wy hjir wat moais fan meitsje."
De bewenners fan Nij Ylostins kinne yn Drylts bliuwe en krije dan thússoarch as dat nedich is.
© Omrop Fryslân
Simmy de Vries en Henk Hoekema oer harren plannen
Wenningboukorporaasje Elkien seit dat se net fan doel binne it gebou te ferkeapjen. "It is te min om te ferkeapjen", sa seit in wurdfierder. "Liedingen binne korrodearre en lykas earder al sein is, foldocht it net oan de brânfeiligenseasken."
Wurdfierder Nikkie Smit begrypt dat der in soad wantrouwen is by de bewenners oer de rol fan Elkien. "Dat hat ek wol te krijen mei it feit dat wy mei in sloopplan komme sûnder dat we oanjaan kinne wat derfoar yn it plak komt." Plannen meitsje foar nijbou is noch net goed mooglik, sa seit Smit.

Ald gemeentehûs

"Deun njonken Nij Ylostins stiet it âlde gemeentehûs fan it eardere Wymbritseradiel. As dêr bygelyks soarchwenten yn komme, is nijbou net oantreklik, om't wy tinke dat Drylts te lyts is foar twa fan dit soarte wensoarchkompleksen."