Sander Arends berikt heale finale challenger yn Seoel

02 maaie 2019 - 12:55

Tennisser Sander Arends hat de heale finale fan it dûbeldspul helle op de Seoel Open, in challengertoernoai yn Súd-Koreä. Mei syn Eastenrykse maat Tristan-Samuel Weissborn wie Arends mei 3-6, 6-3 en 13-11 te sterk foar André Göransson (Sweden) en Hunter Reese (Amearika).

Sander Arends (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Oardel set lang wiene Göransson en Reese it sterkste duo. Nei twa goede returns fan Weissborn en in fraaie backhandlob fan Arends brutsen sy troch de opslach fan de tsjinstanners en kamen se op 5-3 yn de twadde set. Weissborn servearre dêrnei de set op love út.

Spannende supertiebreak

De supertiebreak gie alle kanten op. Arends en Weissborn hiene twa kear in wedstriidpunt (op 9-8 en op 10-9), mar beide kearen waard dy fuortwurke. Ek Göransson en Reese benutten har earste wedstriidpunt net.

Op 12-11 sloech Arends in stadige forehandreturn. Hy rûn troch nei it net en mei in hurde folly op de tsjinstanner makke er dien wurk.

Tsjin Australiërs

Yn de heale finale spylje Arends en Weissborn tsjin it Australyske duo Purcell/Saville.

Ferline wike wûn Arends yn Nanchang (Sina) syn twadde challengertoernoai fan it jier.

(advertinsje)
(advertinsje)